Wy besteegje bewust oandacht oan de taalûntwikkeling. Bern ûnder de 4 jier binne hiel taalgefoelich, yn dy perioade wurdt de basis foar de fierdere taalûntwikkeling lein. It begjint al yn de poppe-tiid mei “Dunstan babytaal” (it werkenne kinne fan de wichtichste gûltsjes). Dizze universele gûltsjes kinne werkend wurde oant de leeftiid fan 5 à 6 moanne.

Dernei begjinne wy mei “baby-gebaren”. Dy gebearen binne net allinne geskikt foar de jongste bern, mar wis ek foar bern dy’t ferbaal net sa sterk binne. De gebearen binne basearre op de gebeartetaal foar dôve en min hearrende minsken. Dêr wurdt net de hiele sin yn gebeartetaal  oanbean, mar allinnich kaaiwurden sa as bygelyks: molke, poes, mem, heit, wurkje, bôle, boartsje, knyn, sliepe, ruft.

SFBO

Wy binne in “Bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling”. Wij biede sadwaande bewust en konsekwint sawol it Frysk as it Nederlânsk oan. Us doel is om bern aktyf mei twatalichheid yn kontakt te bringen. Ut ûndersyk út de hiele wrâld docht bliken dat in twatalige opfieding goed is foar de kognitive- en de taalûntwikkeling. Fanwegen de dominante posysje fan it Nederlânsk (bgl. op tv), is it goed om op it deiferbliuw it Frysk oan te bieden. It Nederlânsk kriget ek in plak: by it foarlêzen en by it sjongen, yn poppe- en rollespul.

Wy wurkje by de útfiering fan dizze meartalige ûntwikkeling gear mei  it  Sintrum Frysktalige Berne-opfang.